Snitser jonge mishannele

De plysje hat in soad tips krigen oer in fjochtpartij yn Snits. In jonge moast sneontenacht mei ferwûnings nei it sikehûs nei fjochterij by de Swettedyk. Hy siet by in groepke fan 4 jonges dat om ien oere nachts nei de stêd fytste. Se waarden tsjinhâlden en bedrige troch in groep fan in man as 12. Ien fan har hie in stroomstootwapen by him. De fytser dy't klappen krige, hat oanjefte dien. Om't der noch net ien oanhâlden is, binne de jonges in aksje op Facebook begûn om de dieders te finen, en om te protestearjen tsjin dit sinleas geweld.