Wetsus: ûndersyk yn de romte

01 okt 2012 - 11:19

Wetsus yn Ljouwert is dwaande mei tariedings foar in ûndersyk yn de romte. Wittenskippers wolle yn in gewichtleaze sitewaasje ûndersiken dwaan mei wettermolekulen. Dat sil dien wurde yn in spesjaal romtefleantúch dat oer in pear jier lansearre wurdt fan in nij kommersjeel romtefeartsintrum ôf dat boud wurdt op Kurasau. By it wetterynstitút wurdt wurke oan in kapsule dêr't ûndersyksmateriaal it bêste yn meinommen wurde kin de romte yn. De kapsule sil dêrnei ek noch test wurde troch de Europeeske romtefeartorganisaasje ESA.

De test wurdt mei mooglik makke troch jild fan bedriuwen dy't har mei wettertechnology dwaande hâlde.

Trefwurden: 
ûndersyk Wetsus romtefeart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)