Boaten fernield yn Eastersee

01 okt 2012 - 10:30

Yn acht boaten dy't oan de Zuivelweg yn Eastersee leine, is sneontenacht ynbrutsen. Ek binne saken fernield oan de boaten. Mei ien boat is in stik fearn. De dieders hellen dêrfoar út in oare boat in benzinetank wei. Ek út oare boaten is guod stellen. De eigeners hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
boaten plysje
(advertinsje)