Ljouwerter bedrige mei wapen
Twa Ljouwerters fan 33 en 39 jier binne sneontejûn let oanhâlden foar bedriging. De frou en de man hiene earder op 'e jûn in stedsgenoat bedrige. It slachtoffer sei dat dêrby in fjoerwapen brûkt wie. De plysje koe de beide fertochten yn har wenning oanhâlde. In wapen is net fûn. De plysje ûndersiket de saak.