De Jong 2e Iepen NK gersbaan

30 sep 2012 - 18:14

Gersbaankoereur Jannick de Jong fan De Gordyk is twadde wurden by it Iepen NK gersbaan. Yn Noardwâlde wûn De Jong de deiútslach fan de lêste gersbaanrace. Dat smiet him lykwols krekt in punt te min op om koprinner Mark Stiekema fan Stadskanaal yn te heljen yn it einklassemint.

Jeffrey Woortman fan Warten kaam net yn aksje yn Noardwâlde. Hy moast ôfsizze fanwege de blessuere oan syn skouder, dy't er sneon oprûn by de ynternasjonale speedwaywedstriid yn Veenoord.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)