Rider klassike motor omkaam

30 sep 2012 - 17:36

In 57-jierrige man út Hallum is snein om it libben kaam by in wedstriid mei klassike motoaren. Dat wie yn Kolham yn Grinslân. De dielnimmers moasten in parkoers ôflizze op in ôfsette strjitte om sjen te litten hoe handich oft se ride koene.

De Hallumer rekke op in stuit mei de motor de trottoirrâne en fleach oer de kop. Dêrnei ferstoar er oan syn ferwûnings. In soad minsken seagen it tragyske ûngelok barren. It evenemint is stilset.

Trefwurden: 
motor
(advertinsje)