Ferlies foar SCO en LDODK

Kuorbal © ANP XTRA
De kuorballers fan LDODK hawwe snein mei 18-14 ferlern fan Groen Geel. Yn Wormer sprong de thúsploech effektyf om mei de kânsen en rûn ienfâldich út nei in 8-1 foarsprong. Foar it skoft wist de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool de marzje wat lytser te meitsjen oant 12-7. Yn de twadde helte koe LDODK yn it spoar fan de thúsploech bliuwe, mar it gat fan fjouwer punten waard net mear goedmakke.
SCO wist dit wykein ek net te winnen. Yn Wageningen ferlear de ploech fan trainer Hillebrand Diever mei 19-15.
SCO stiet mei 2 punten út 5 wedstriden op in dield sechsde plak yn de haadklasse A. LDODK is ûnderoan te finen mei 1 punt út it lykspul tsjin Mid-Fryslân. Mid-Fryslân wûn sneon mei 22-5 fan Oost Arnhem. De ploech út Reduzum en Grou stiet mei 7 punten op it tredde plak. DVO is koprinner mei de folle winst út 5 wedstriden.