20.500 euro oan boetes ynbard

30 sep 2012 - 16:23

Yn Fryslân en Grinslân is sneon in aksje hâlden om jild te krijen foar iepensteande boetes. Mei-inoar waarden 205 hússikings dien en 35 persoanen fêstset yn it Hûs fan Bewar. Mei-inoar is der foar 20.500 euro oan boetes ynbard.

De aksje waard útfierd troch plysje, justysje en de parketplysje. De aksje is bedoeld om lang iepensteande boetes te ynkassearjen en frijheidsstraffen út te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)