Knegt baalt fan sulver op 500m

30 sep 2012 - 15:23

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat snein it sulver pakt op de 500 meter by de KPN Invitation Cup op It Hearrenfean. Nettsjinsteande it knappe resultaat baalde Knegt fan syn slotronde. De Bantegeaster miende dat er noch in ekstra ronde te gean hie, wêrtroch't er syn ynhelaksje op de Brit Paul Stanley te let ynsette. Ploechgenoat Niels Kerstholt pakte it brûns.

Op de ôfslutende 1000 meter einige Knegt nei in falpartij as 5e. Dêrmei einiget de Bantegeaster as 5e yn it einklassemint en pleatst er him direkt foar de wrâldbekerwedstriden.

Trefwurden: 
shorttrack Sjinkie Knegt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)