Fabriek fjirde yn Veenoord

© Bert Swarts
Motorkoereur Dirk Fabriek is sneon fjirde wurden by de ynternasjonale speedwaywedstriid yn Veenoord. De Jobbegeaster gong as fjirde de finale yn en kaam krekt te koart om in poadiumplak te bemachtigjen. Jannick de Jong fan De Gordyk miste mei 10 punten krekt de finales.
Jeffrey Woortman crashte yn 'e earste heat, wêrby't it skouder út de kom rekke. De koereur út Warten moast mei de ambulânse fan de baan helle wurde.
Yn Veenoord waard striden om de Gouden Helm. Dy gong foar de twadde kear op rige nei de Poal Mariusz Fierlej.