Kassenberg wint op Teksel

Hurdrinster Yvonne Kassenberg fan Ljouwert hat snein de heale maraton fan Teksel wûn. Se rûn in tiid fan 1,20,03. Dat wie 8 sekonden boppe it parkoersrekôr. Twadde waarde Inge de Jong. Beide froulju binne yn training foar de maraton fan Eindhoven. De Jong is Kassenberg har grutte konkurrinte yn Eindhoven.
De start fan de wedstriid wie op de boat fan Den Helder nei Teksel.