De Haan wint Klupkampioenskip

30 sep 2012 - 14:48

Hurdfytser Sierk-Jan de Haan fan Dokkum hat sneon it Nederlânsk Klupkampioenskip hurdfytsen wûn. Mei syn ploechmaten Jeroen Boelen, Marc Goos, Bram de Kort, Martijn Tusveld en Sjors Roosen fan De Jonge Renner út Oosterhout kaam de Dokkumer nei goed 41 kilometer yn in tiid fan 49.45 oer de streek. As iennichste rieden de winners dizze ploegetiidrit mei mear as 50 km yn de oere.  

WV Noord-Holland waard twadde, WV Schijndel einige as tredde.

 

De Friesche Leeuw waard 21e, Otto Ebbens 28e en Drachten 46e.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)