SWS ûnderút tsjin De Treffers

30 sep 2012 - 14:37

Snits Wyt Swart Boso hat in poerbêste fuotbalwike sneontejûn ôfsletten mei in teloarstellend 3-0 ferlies tsjin De Treffers. Yn Groesbeek kamen de Snitsers der net oan te pas. Goed keeperswurk fan doelman Kevin van der Meulen soarge dat tuskenstân by it skoft beheind bleau oant 1-0 foar de thúsploech.

Yn de twadde helte makken De Treffers binnen 2 minuten dien wurk troch de 2-0 binnen te tikjen. Ynfallers Raducio King en Erolind Dergutti koenen de wedstriid net kantelje. Treffersspits Jean Black tekene mei syn 2e doelpunt foar de einstân.

De wike begong sa goed foar Snits Wyt Swart Boso, dat yn de KNVB-beker de tredde ronde helle en dêryn thús spylje sil tsjin AZ. Yn de sneinstopklasse prestearret de ploech fan trainer Johan Groote lykwols in stik minder. De Snitsers stean mei 4 punten út 7 wedstriden hielendal ûnderoan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)