Smoker bedriget bankmeiwurker

30 sep 2012 - 14:32

In man dy't in sigaret opstuts yn in bankgebou oan it Suderplein yn Ljouwert hat sneon in meiwurker fan de bank bedrige. De meiwurker wiisde de besiker derop dat smoken net tastien is yn it gebou. De smoker sei doe dat er de meiwurker delstekke soe mei in mes.

De bankmeiwurker hat oanjefte fan bedriging dien by de plysje. De 64-jierrige smoker is bûtendoar foar it bankgebou oanhâlden. De man is foar ûndersyk fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
smoker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)