Oanhâldings by Flaeijelfeesten

30 sep 2012 - 14:22

By de Flaeijelfeesten yn Nijhoarne binne sneontenacht twa minsken oanhâlden. In jongeman (19) út Appelskea hie in frou (26) út Wolvegea yn it gesicht slein neidat sy klage hie dat de man har ûnseedlik betaast hie. De frou moast nei de dokter om help. De man is fêstset op it plysjeburo.

Fierders is in 22-jierrige man út Boarnburgum oanhâlden. Hy fernielde by in rûzje mei in taksysjauffeur it nûmerboerd fan de taksy. De man waard pakt mei help fan befeiligers fan de Flaeijelfeesten. De plysje hat him meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Flaeijelfeest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)