Earste oerwinning Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean hat de earste oerwinning yn de earedivyzje behelle. Yn in thúswedstriid wûn de ploech fan trainer Van Basten mei 2-0 fan NAC Breda.
Nei njoggen minuten skoarde Alfred Finnbogason de 1-0 nei in moaie kounter. Fiif minuten foar it skoft, skoarde De Ridder de 2-0. NAC wie de twadde helte better en krige in soad kânsen, mar man fan de wedstriid keeper Nordfeldt hâlde syn goal skjin. Troch de oerwinning giet Hearrenfean op de ranglist oer NAC hinne.