Hege opkomst DNA-ûndersyk

29 sep 2012 - 18:08

It DNA-ferwantskipsûndersyk yn de saak Marianne Vaatstra hat sneon op de earste dei in hege opkomst hân. Goed 70 persint fan de 3300 oproppen manlju hawwe wangslym ôfstien. Om 4 oere middeis lei it opkomstsifer op De Westereen sels op 80 prosint.

Justysje is bliid mei de hege opkomst. Dat jout oan dat de solidariteit grut is. Mei de manlju dy't net kaam binne, sil justysje persoanlik prate om te witten te kommen wêrom't se der net wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)