Mid-Fryslân wint mei oermacht

29 sep 2012 - 17:55

De kuorballers fan Mid-Fryslân hawwe sneon in meunsterwinst fan 22-5 helle op tsjinstanner Oost Arnhem. Op eigen fjild kaam de winst foar de ploech fan trainer Arjan Kreeft gjin momint yn gefaar. By it skoft stie der in ôftekene tuskenstân fan 10-1 op it boerd. Nei de tee gong de Fryske doelpuntemasjine ûnfersteurber troch en kaam úteinlik út op 22 doelpunten.

Mid-Fryslân klimt mei 3 oerwinningen út 5 wedstriden nei it twadde plak yn de haadklasse A. Nije wike sneon stiet yn Reduzum de topper tsjin koprinner DVO op it program.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)