Soarch oer takomst Omrop

29 sep 2012 - 17:23

Der moat gau breed oerlis komme oer de takomst fan Omrop Fryslân. Dat sei de Ried fan de Fryske Beweging sneon by de jierlikse betinking fan de Slach by Warns. De besunigings op de Omrop stiene sintraal by de 67ste betinking. Omropdirekteur Jan Koster wie ien fan 'e sprekkers by de stien 'Leaver dea as slaaf'.

De Omrop kriget minder jild fan de provinsje en it ryk. Der komt in nije reorganisaasje. Sprekker Jaap van der Bij, foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, stelde út om in part fan de NUON-jilden foar de Omrop te brûken.

Troch besunigings sil it wurk by Omrop Fryslân troch minder minsken dien wurde moatte. Der sille nei alle gedachten fyftjin folsleine banen ferdwine moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)