Maatregels by Flaeijelfeesten

29 sep 2012 - 16:41

De organisaasje fan de Flaeijelfeesten yn Nijhoarne hat dit jier maatregels naam foar de feiligens. Ferline jier gie in hynder mei in wein derachter op 'e rin. Dêrby rekken minsken ferwûne. It túch fan 'e hynsten wurdt no yn it hynstehier fêst flechte. Dat is better foar de feiligens fan hynder en wein en de minsken.

Tûzenen minsken komme dizze dagen wer ôf op de jierlikse Flaeijelfeesten. Doel fan 'e feesten is de Fryske plattelânskultuer fan eartiids te bewarjen.

Trefwurden: 
Flaeijelfeest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)