Boys ferspylje punt yn einfaze

Harkemase Boys hat sneon mei 1-0 ferlern fan DVS '33. Yn Ermelo hienen de Harkiten in goed begjin, mar in pear grutte kânsen waarden net fersulvere. Yn de twadde helte kaam de thúsploech hyltyd better yn de wedstriid, al rekke Jelmer Slager mei in moai skot noch de krusing. Ek oare kânsen gongen der net yn, by de Boys is oant no ta dit seizoen it krûd damp. Fier yn ekstra tiid wie it úteinlik DVS dat optimaal profitearre troch krekt foar it einsinjaal de winnende treffer binnen te sjitten.
Harkemase Boys wachtet noch altyd op de earste oerwinning yn de haadklasse C. Nije wike nimme de Boys it thús op tsjin WHC.