Frou op 'e fyts oanfallen

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In 32-jierrige frou út Ljouwert is ôfrûne nacht oanfallen troch in ûnbekende man. Se fytste om fjouwer oere hinne oer de Johan Winklerwei doe't de man har oanspruts en omfier drukte. Hy easke jild.
De frou sei dat se dat net hie, rukte har los en naaide hurd út. Se kaam mei de skrik frij. De plysje is noch op syk nei de man en hat in ûndersyk ynsteld.