Parkearwachter oanfallen

29 sep 2012 - 14:44

In man fan 52 jier út Feinsum is freed oppakt omdat er in parkearwachter bedrige hie. Hy stie op de Uniabuert yn Ljouwert mei de auto op in plak dêr't in parkearferbod jildt. De parkearwachter sei dat de man syn auto fersette moast. Dat wegere er en dêrom krige er in boete.

De automobilist waard lulk en bedrige de parkearwachter lichaamlik en mei wurden. De plysje hat de man oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)