Tjerkemuorre Aldeberkeap klear

De muorre om it hôf fan de Bonifaasjetsjerke yn Aldeberkeap is klear. Deputearre Johannes Kramer hat sneon de muorre en it nij opboude poartegebou yn 'e muorre offisjeel yn gebrûk naam. Hy sette in wynwizer op de poarte. Dêrnei folge yn de tsjerke in sympoasium oer kultureel erfguod yn Fryslân. Mei-inoar fjouwer jier is neitocht oer en wurke oan it projekt dat goed trije ton koste hat.
It poartegebou is in replika fan wat der ea stien hat. Dat is op âlde tekeningen noch te sjen.