Brân yn pakhús yn Sint Jabik

29 sep 2012 - 11:08

Yn in âld pakhús yn Sint Jabik hat freedtenacht brân west. It fjoer bruts om tolve oere hinne út. Ferskate brânwachtkorpsen waarden oproppen om de brân te bestriden. De brânwacht wie der mei fiif blusweinen. Der waarden ek twa heechwurkers ynset. It gebou is stean bleaun, mar der is wol in soad skea.

Der wurdt ûndersocht oft de brân oanstutsen is. It monumintale gebou oan it Suderein stiet sûnt in pear moanne leech.

Trefwurden: 
Sint-Jabik brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)