Mear oandacht foar remjen

28 sep 2012 - 19:56
  • Harkje nei ús reportaazje

Rydynstrukteurs moatte folle mear oandacht jaan oan it remjen. Dat die freed bliken op de iepen dei yn it ferkearsedukaasjesintrum yn Drachten. Der wiene tûzen ynstrukteurs út it Noarden útnoege.

Ien fan de aktiviteiten dêr't se oan meidwaan koene, wie it meitsjen fan in needstop op de slipbaan. Fierders wiene der lêzings en koene gasten op in lânboutrekker ride om te ûnderfinen hoe't dat giet yn it ferkear. It remjen foel bot ôf.

(advertinsje)