Brief mishanneling ek nei PVV

14 des 2011 - 09:52

De ûnbekende man dy't de Fryske media in brief stjoerd hat oer de mishanneling fan âld-PVV-er Jelle Hiemstra, hat ek de PVV-fraksje dyselde brief stjoerd.Yn dizze brief wurdt suggereard dat Hiemstra sels de mishanneling yn septimber yn sêne set hat. Sa soe Hiemstra de briefskriuwer 75 euro en in bivakmutse jûn ha en yn ruil dêrfoar moast de man by Hiemstra oanbelje. It Iepenbier Ministearje hat no trije eksimplaren fan de brief yn besit. Se wurde ûndersocht troch it NFI yn Den Haag. Hiemstra neamt de ynhâld fan de brief mislikmeitsjend en beskamsum.

Trefwurden: 
Jelle Hiemstra PVV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)