Oerlis oer fallyt bedriuw Haak

28 sep 2012 - 17:23

It ynvestearingsbedriuw Value8 fan belizzer Peter Paul de Vries is noch altyd yn ûnderhanneling mei de kurator fan it fallite Haak op De Gordyk oer in oername fan it bedriuw. De Vries ferwachtet dat der begjin nije wike mooglik in akkoart wêze sil. It masinefabryk Haak waard ferline wike fallyt ferklearre. By it bedriuw wurkje 25 minsken.

Haak makket ûnderdielen foar masines en leveret oan bedriuwen yn binnen- en bûtenlân. Value8 wol yn earste ynstânsje de wurknimmers foar it bedriuw behâlde.

Value8 hopet sa gau mooglik dúdlikens te krijen fan de kurator. Neffens De Vries ferinne de ûnderhannelings mei de kruator dreech. Hy hopet nije wike tiisdei in akkoart te berikken oer de oername fan it bedriuw.

Trefwurden: 
fallyt kurator Value8
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)