ASR fuort út Wâldsein

28 sep 2012 - 17:13

ASR Wâldsein ferdwynt freed definityf út Wâldsein. De lêste ferhúsdoazen binne ophelle en der is ôfskie naam fan de meiwurkers. Fersekeringsgroep ASR ûntstie yn 1997 út ûnder oare de fersekerders Stad Rotterdam Verzekeringen, Woudsend en de Amersfoortse. Yn 2000 nam Fortis de groep oer en no giet 'Wâldsein' sels ticht.

Wenningboukorporaasje Elkien bout apparteminten op it plak dêr't no de gebouwen fan ASR stean.

Trefwurden: 
ASR
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)