No ek ambulânse foar planten
Nei de diere-ambulânse rydt der no ek in plante-ambulânse. Yn Drachten wurde troch meiwurkers fan wurkfoarsjenning DBO, De Bijzondere Onderneming, planten ophelle foar in twadde libben. Oplaapje, stekke, weijaan of ferkeapje is it doel, want weismite is skande.
De plante-opfang sit yn in âld fabryk. Dêr dogge se ek oan houtrecycling en der binne ek ateliers. Foar it tydlik opnimmen en fersoargjen kinne planten dêr ek hinnebrocht wurde.