Archeologysk ûndersyk by N381

28 sep 2012 - 15:28

De provinsje lit archeologysk ûndersyk dwaan oan de nij oan te lizzen dyk N381 fan Drachten nei Drinte. It earste ûndersyk sil wêze by Weinterp. Dêr binne resten fûn fan in pleats dy't mooglik út de midsieuwen komt.

De fynst is neffens de provinsje ynterressant genôch om fierder ûndersyk te dwaan. It buro MUG út De Like sil it ûndersyk útfiere.

Trefwurden: 
N381 archeology Weinterp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)