ID-saak foar Europeesk Hôf

It protest fan Henk Kooistra tsjin fingerprinten op in ID-kaart hat in lyts súkseske opsmiten. De 26-jierrige man út Terkaple hie in prinsipesaak tsjin de gemeente Skarsterlân oanspand. Hy is benaud dat syn gegevens foar opspoaringssaken brûkt wurde.
De saak no is by de Rie fan Steat. Dy sil fragen stelle oan it Hôf fan Justysje yn Lúksemboarch. De Rie fan Steat wol witte oft de regel om fingerprinten op te nimmen yn paspoarten of op ID-kaarten yn striid is mei it rjocht op privacy.
It kin wol oardel jier duorje foardat it Hôf yn Lúksemboarch mei antwurden komt. Der binne ûnderwilens soartgelikense fragen steld troch in Dútske rjochter.