Earste ôfstapper FK pealsitten

28 sep 2012 - 14:21

By it Frysk kampioenskip pealsitten yn Warns is nei 4 oeren de earste dielnimmer al ôfstapt. Harald de Kroon moast om priveeredenen fan 'e peal. It FK pealsitten is tongersdeitemiddei om fiif oere begûn.

It evenemint is live te folgjen op www.omroplive.nl. Nachts is it ek te sjen op Omrop Fryslân Televyzje tusken 24.00 en 9.00 oere moarns. De priisútrikking is op snein 30 septimber.

Sjoch ek op www.pealsitten.nl

Trefwurden: 
FK pealsitten Warns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)