Te hurd op de trekker

28 sep 2012 - 11:27

In 37-jierrige ynwenner fan Stiens is tongersdei bekeurd omdat er te hurd ried op 'e trekker. De man ried mei in gong fan 70 kilometer yn 'e oare de Brédyk tusken Hallum en Stiens del.

De bestjoerder hie it dreech om syn trekker mei oanhingwein op de dyk te hâlden en ried dêrom geregeld troch de berm. Op krusings gie er ek te hurd. De Stienzer hat in boete krige.

Trefwurden: 
Stiens trekker Hallum Brédyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)