Gearwurking fan gemeenten

Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel sille mear mei-inoar gearwurkje. Dat hawwe de rieden fan beide gemeenten tongersdei besletten. Neist de eigen organisaasje foarmje de gemeenten in nije organisaasje dêr't alle terreinen yn ûnderbrocht wurde dêr't beide gemeenten no al op gearwurkje. Beide partijen hoopje sa kosten te besparjen, mear kwaliteit te leverjen en de ynwenners fan de gemeenten better fan tsjinst te wêzen.
De kommende tiid wurdt de nije organisaasje fierder op poaten set. Fan 2015 ôf moat dy oan 'e slach.
De gemeenteried fan Achtkarspelen hat earder al oanjûn perfoarst selsstannich bliuwe te wollen.