Subsydzjes provinsje iepenbier

It provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De provinsje fiert fan nije wike ôf in iepenbier subsydzjeregister yn. Sa kin elkenien sjen wêr't de provinsjale subsydzjes hinnegean. Der stiet bygelyks yn wat ferline jier foar subsydzjes jûn binne, wa't jild krigen hat en oan watfoar aktiviteiten de sinten jûn binne.
It iepenbiere register komt der op oantrunen fan de PVV en de VVD yn provinsjale steaten. Dy hiene dêr in moasje oer yntsjinne, dy't troch de steaten oannaam is. It register is te finen op de webside fan 'e provinsje.