Achtkarspelen hâldt jild oer

28 sep 2012 - 10:23

De gemeente Achtkarpselen liket 800.000 euro oer te hâlden. Earder wie der noch in ôffaller fan 1,3 miljoen euro. No binne der nije tafallers, ûnder mear troch oanbestegings dy't goedkeaper útfalle. Dat stie yn 'e begrutting foar takom jier dy't freedtemoarn presintearre waard.

Achtkarspelen hâldt op lange termyn genôch jild oer om de reserves oan te foljen. Der wurdt hast 6,5 ton besunige op de eigen organisaasje. Fierders wurdt ek besunige op it muzykûnderwiis en de bouleezjes gean omheech. Oer it generaal bliuwe de lêsten gelyk.

Trefwurden: 
Achtkarspelen begrutting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)