Ut de skroeven oer lotting

28 sep 2012 - 07:41

De amateurfuotballers fan ONS Boso Snits en Snits Wyt Swart Boso Snits binne út de skroeven oer de lotting foar de tredde ronde om de KNVB-beker. ONS lotte tsjin Ajax, Snits Wyt Swart tsjin AZ. Neffens foarsitter Harm de Wagt fan ONS soarge it nijs foar in polonêze troch de kantine. En foarsitter Wietse de Haan fan SWS neamt de lotting prachtich foar de útstrieling fan de stêd Snits.

Beide klups ha net in soad ûnderfining mei it organisearjen fan thúswedstriden tsjin sokke grutte klups, mar begjinne fuortendaliks mei de tarieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)