Ajax en AZ nei Snits

28 sep 2012 - 01:17

Ajax en AZ komme yn it lêst fan oktober nei Snits. Yn de tredde ronde om de striid om de KNVB-beker krijt ONS Boso Snits lânskampioen Ajax op besite. Snits Wyt Swart Boso Snits moat it opnimme tsjin AZ. Dat wie de útkomst fan de lotting fan tongersdeitejûn.

Sportklup Hearrenfean lotte tsjin sneinstopklasser Hollandia út Hoorn. SC Cambuur spilet ek thús. De tsjinstanner is Telstar.

Trefwurden: 
fuotbal KNVB beker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)