Swimbad Bûtenpost bliuwt iepen

27 sep 2012 - 22:50

It swimbad fan Bûtenpost moat iepenbliuwe. Dat hat de gemeenteried fan Achtkarspelen tongersdeitejûn besletten. It kontrakt mei de eksploitant wurdt mei in jier ferlingd oant ein 2013.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat de opdracht krigen om foar maaie takom jier mei plannen te kommen foar de eksploitaasje fan it swimbad. De feriening fan brûkers fan it swimbad hat oanbean dat se meitinke wolle oer de plannen. Alle partijen wolle it swimbad iepenhâlde, mar de eksploitaasje moat wol folle goedkeaper.

Trefwurden: 
Bûtenpost ûndersyk swimbad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)