Nij oerlis bedriuwen yn Hallum

Der sil opnij ûnderhannele wurde moatte oer de takomst fan it yndustryterein Doniawei yn Hallum. De ûndernimmers wolle graach útwreidzje, mar dêrfoar moat it terrein oanpast wurde. Der moat in ekstra ûntslutingswei komme en in tal huzen oan de râne fan it yndustryterrein moat sloopt wurde.
It kolleezje fan b, en w. hie dêr gjin jild foar oer en woe allinnich de huzen isolearje. Mar neffens de ûndernimmers is dat net genôch. De gemeenteried is it der mei iens en wol dat der nochris sjoen wurdt nei in oplossing en de kosten dêrfan.