Rêchblessuere Sven Kramer

27 sep 2012 - 18:48

Sven Kramer hat lêst fan in blessuere oan de rêch, Dat hat TVM juster bekend makke. Hoe slim de blessuere is, is noch net dúdlik.

TVM hopet dat Kramer op tiid fit is om begjin novimber mei te dwaan oan de earste serieuze wedstriden fan dit seizoen. Dan binne de NK ôfstannen en de earste wrâldbekerwedstriden.

Trefwurden: 
Sven Kramer rêchblessuere
(advertinsje)