Falske start Van Basten

27 sep 2012 - 15:58

Hearrenfean trainer Marco van Basten is net tefreden oer de opbou fan syn karriêre. Yn stee fan in bliksemstart fia it Nederlânsk alvetal en Ajax hie hy better yn de lijte útein sette kinnen. Dat seit hy yn in eksklusyf ynterview mei Omrop Fryslân.

Van Basten is teloarsteld oer de start fan dit seizoen. Mar hy wol rêstich fierder bouwe oan it team en him net fêstlizze op in doelstelling foar dit seizoen. It hiele ynterview mei Van Basten is tongersdeitejûn te sjen yn Boppeslach Ekstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)