Wer 2 Friezen pakt saak Haren

Rellen Haren © ANP
Yn de saak fan de rellen yn Haren binne noch twa Friezen oanhâlden. It giet om twa 18-jierrige jonges út de gemeenten Smellingerlân en Skarsterlân. De jonges binne herkend op de bylden dy't de plysje hat fan de rellen. Se hawwe meielkoar 10 gigabyte oan amateurbyblden krigen, dy't no allegear besjoen wurde.
De jonge út Skarsterlân wurdt fertocht fan stellerij út in supermerk, de jonge út Smellingerlân fan iepenlike geweldpleging.