Harmonie wurkplak foar ZZP'ers

27 sep 2012 - 12:43

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert wol graach it nije wurkplak wurde foar Friezen dy't faak bûten de doar wurkje, lykas ZZP'ers en studinten. De Harmonie is tongersdei dêrom mei in kampanje úteinset om dat te promoaten. Yn de stedsskouboarch is in soad romte beskikber dy't oerdei net brûkt wurdt en boppedat kinne flekswurkers gebrûk meitsje fan in soad fasiliteiten dy't dêr oanwêzich binne. Sa is der foar elkenien ynternet beskikber, mar is it ek mooglik om dêr bygelyks in kopke kofje te drinken.

De Harmonie hopet sels sa ekstra oanrin nei de stedsskouboarch te krijen.

Trefwurden: 
ZZP'ers De Harmonie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)