Fytser oanriden yn Oerterp
In jonge fan 14 út Oerterp is woansdei ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. Hy woe mei de fyts de Hegebrechsterleane oerstekke, mar waard oanriden troch in 70-jierrige automobiliste út Fryskepeallen. De jonge hat har nei alle gedachten net sjoen, omdat der in bus op de dyk stie. De jonge is nei it sikehûs brocht mei ferwûnings.