Iepeningsfeest Nij Saailân

27 sep 2012 - 10:37

Yn Ljouwert is tongersdei de earste dei fan it grutte iepeningsfeest foar it fernijde Saailân. Op it plein is in grut poadium opboud. De earste aktiviteit wie de Leeuwarden City Survivalrun, foar studinten fan skoallen yn Ljouwert. Der wie plak foar 500 dielnimmers, mar úteinlik binne der neffens de organisaasje mar 60 op ôfkaam. Jûns is der in grut Dancefeest. Freed spilet it ynternasjonale festival Liet him op it Saailân ôf, sneon is it klapstik mei The Kyteman Orchestra en snein stiet yn it teken fan de Hollânske muzyk.

De hiele nije ynrjochting fan it Saailân begûn yn 2001 mei in legaat fan arsjitekt Abe Bonnema. Hy liet 18 miljoen euro nei foar in nij te bouwen Fries Museum op of oan it Saailân. Dat museum is tekene troch arsjitekt Henket. By de útfiering hat ek it eigen buro fan Bonnema yn Hurdegaryp belutsen west. Njonken it museum is in nije winkelwand boud, troch arsjitekt Soeters. Ek is der in nije parkeargaraazje kaam. It hiele projekt hat sawat 120 miljoen euro koste.

Trefwurden: 
Fries Museum Nij Saailân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)