Fryske ploegen bekerje fierder

27 sep 2012 - 00:05

Fjouwer Fryske fuotbalploegen lotsje tongersdeitejûn mei foar de tredde ronde om de KNVB-beker. Nei de winst fan ONS Snits earjuster, wûnen SC Cambuur, Sportklup Hearrenfean en Snits Wyt Swart woansdei. SC Hearrenfean wûn mei 4-0 by Kozakken Boys. Alle goals waarden makke troch Alfred Finnbogason. SC Cambuur wûn yn Oss mei 5-1 fan Deso. De doelpuntemakkers: Oebele Schokker, Melvin de Leeuw, Marco van der Heide en Martijn Barto. Deso skoarde ek in kear yn eigen goal. Snits Wyt Swart wûn nei ferlinging mei 2-1 fan Noordwijk.

By de Snitsers skoarden Ramon Giro Batalla en Mark Homme van der Veen.

Trefwurden: 
fuotbal KNVB beker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)