Lobby foar justysje mislearre

26 sep 2012 - 20:54

De lobby foar wurkgelegenheid by justysje yn Ljouwert is mislearre, fynt de FNP. Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma sprekt dat lykwols tsjin. De FNP-steatefraksje ferwyt kommissaris John Jorritsma dat net genôch dien is om de wurkgelegenheid by it gerjochtshôf te behâlden.

Tsientallen banen ferdwine fan Ljouwert nei Arnhem en dat hie foarkommen wurde kind, seit Sybren Posthumus fan de FNP-steatefraksje. John Jorritsma is it net iens mei de krityk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)