Fernielings by túnsintrum

By in túnsintrum yn De Hommerts hawwe ûnbekenden hûnderten glêsplaten fernield. De platen leinen op it terrein fan GroenRijk fanwege de bou fan in nije haadyngong. Neffens de eigener fan it túnsintrum is de skea 20.000 euro. It giet om spesjaal feilichheidsglês dat fernield is. It wie ôfkomstich fan in túnsintrum yn Enschede dat koartlyn ôfbrutsen is. Neffens de eigener is it dreech om sok glês wer te finen. It liket der op dat it glês mei stiennen fernield is. De oplevering fan de nije yngong - heal novimber - wurdt noch wol helle.
It túnsintrum fan De Hommerts waard fjouwer jier lyn oernommen, nei in fallisemint. Sûnt dy tiid is de winkel bot fernijd, fral oan de binnenkant.